F 38 In blijspul yn trije bedriuwen, skriuwster Tiny Nicolai, foar 4 froulju en 4 manlju Fam. Wierda hat in hotel/pensjon yn in âlde wettertoer. It stik spilet yn ‘e hal fan de wettertoer. Om ‘t de wettertoer fansels ûnder net al te grut is moatte se harren wat behelpe wat de rûmte oanbelanget. De iene helte fan de rûmte is foar it hotel en de oare helte foar it pensjon. Dit kin oplost wurde troch in lyts sketsje oerdwers te setten . Oan eltse side in lytse baalje. Wol soe it moai wêze as yn ‘t hoteldiel in lift siet as in doar die ‘t nei de lift ferwiist. Yn ‘t pensjon moat in stikje fan in trep te sjen wêze. It hotel moat ek wat moaier oanklaaid wêze dan it pensjon. Yn ‘t hoteldiel sit ek de doar nei bûten. Dit is it earste wykein fan ‘t nije seizoen dat se gasten ha sille. It wie altyd in pensjon mar is no ferboud, oan de iene side fan it gebou ta in hotel. It hoteldiel wurd troch menear Wierda bestierd en it pensjon troch frou Wierda. Wierda fynt it wichtich dat de minsken yn lúkse harren fakânsje trochbringe kinne mar frou Wierda fynt dat ek it gewoane folk in plakje ha moat om efkes fuort te kinnen. Mar om ‘t se noch mar krekt begûn binne ha se noch net folle personiel en moatte sy noch in protte sels dwaan. Menear Wierda fynt dat it personiel no ek oare klean oanmoat en harren oars gedrage moatte. Dit stuit fansels op ferset fan syn frou die mient dat hja sa gewoan mooglik dwaan moatte. Sy hat it ek net stean op die lúkse bobbelbaden en mini-bars op ‘e keamers. As der dan ek noch gasten komme die in bytsje frjemd dogge dan ha jo de poppen oan ‘t dânsjen. EENAKTER BLIJSPEL
Waarom Toneeluitgeverij Vink?
Keuze uit een groot aanbod
Bestel gemakkelijk online
Snelle levering
Bestellingen snel bij u bezorgd
Persoonlijke service
Wij staan graag voor u klaar!
Stel uw vraag
Loading...
Let op!
Wilt u aangeven mbt welke eerdere bestelling/factuur deze (na)bestelling betrekking heeft? Bestelling is anders niet mogelijk. Bel voor informatie eerst 072 5112407 Toneeluitgeverij Vink.