Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

De nije klaaister fan de keizer

Bremer, Aris

Inkijkexemplaar
TitelDe nije klaaister fan de keizer
Oorspronkelijke titelDe nieuwe kleedster van de keizer
Artikelnummer19540
Dames (min/max)6
Heren (min/max)4
Personen10
Auteur(s)Bremer, Aris
Vertaler(s)Veen, D. van / De Boer, K.
CategorieAvondvullend
Aantal blz56
GenreFries toneel / Volwassenen voor kinderen / Jeugdtoneel
Duur (min.)100 Min.
UitgeverVink
DE NIJE KLAAISTER FAN DE KEIZER (De nieuwe kleedster van de keizer) 19540 Volwassen voor kinderen door Aris Bremer, oerset nei it frysk troch Klaasje v.d. Veen-de Boer, 6 froulju, 4 manlju De jonge Keizer Narcissus genietet fan syn macht. Om dy ut te strieljen draacht er elke dei nije klean, makke troch de knapste kleanmakkers fan it lân. Oer oare saken makket er him net sa drok. De Heechearde Heechste Kleanmaster, Garderius en Narcissus syn tante Dissonante meitsje de tsjinst ut. Dissonante wol sels op ‘e troan. De keizer tinkt ek oan trouwen en hat de Prinsesse fan Neistebylân op it each as syn takomstige frou. Ynkoarten hâldt de Keizer in Grutte Parade en fynt dat in goede gelegenheid om mei har en har âlders yn ‘e kunde te kommen. Mar de Prinses wol earst wolris sjen wat soarte man dy Narcissus is en hat dêrom as Harmke in baantsje as begjinnend klaaister op it paleis oannommen. Underweis nei it paleis wurdt har tillefoan stellen troch Gijs, in strjitboefke. De Keizer wol mei de grutte Parade yndruk meitsje mei klean, moaier as oait immen sjoen hat, mar alles wat de bêste kleanmakkers fan it lân him ek sjen litte, fynt er saai. Dissonante freget dan twa man om foar Sjineeske kleanmakkers te spyljen: Ping en Pong. Sy beweare dat se wraldferneamd binne omdat se in fisuele, digitale triid meitsje kinne. Se kinne dêrfan stoffen weve, dy’t hiel tin, licht en wûnderlik moai binne. Allinne kinne domme minsken de klean net sjen dy ’t fan dizze stoffen makke binne. Harmke hat wol troch dat it trochstutsen kaart is en besiket de Keizer foar it bedroch te warskôgjen. Mar de Keizer is te idel en wol it ferhaal net leauwe; Harmke wurdt ûntslein en giet werom nei har eigen lân. Omdat net ien fan de oare minsken oan it Hof foar dom útmakke wurde wol, seit elk dat it prachtige klean wurde en lûkt de Keizer foar de Parade de “tige tinne en lichte klean” oan. Ek de minsken oan ‘e kant en de gasten doare neat te sizzen, mar Gijs flapt derút dat de Keizer yn syn ûnderguod rint. De minsken wurde opsternaat, Dissonante wol de Keizer dan ôfsette, mar Harmonia (Harmke) jout gau har mantel oan de Keizer en wit it folk del te bêdzjen troch te sizzen: “De Keizer is in allinne mar in bytsje dom west!”

Bestel dit stuk

€ 13,00

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag