Titel | Suite hotel | |
Oorspronkelijke titel | HOTEL SUITE | |
Artikelnummer | 22743 | |
Dames (min/max) | 7 | |
Heren (min/max) | 5 | |
Personen | 12 | |
Auteur(s) | Simon, Neil | |
Vertaler(s) | Dijkstra, Gurbe | |
Categorie | Avondvullend | |
Aantal blz | 84 | |
Genre | Fries toneel / Komedie | |
Duur (min.) | 130 Min. | |
Uitgever | Vink |
SUITE HOTEL (HOTEL SUITE)
22743 In komeedzje fan Neil Simon, Fryske
oersetting Gurbe Dijkstra, 7 dames, 5 heren
Dit stik bestiet út
fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se spylje har wol allegear op
deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London. De tafrielen
kinne ek elk apart as ienakters spile wurde. It earste tafriel giet oer Diana
en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise, en
Diana hat in nominaasje.... Mar se wint gjin priis en is at se thús komme
wakker lilk. It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de
trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge
om't er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in
jong frommiske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder dan
dat it frommiske fuort is, en dat jout in soad swierrichheden. SKOFT It tredde giet
oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueeel en meer
de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân.
Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der
achter dat it om Sidney sels giet. It lêste giet oer Norma en Roy, harren
dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en
is foarearst net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om bar om
har der út te praten, mar it slagget har net. Dan roppe se Borden der by, dy
ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen en dan komt Mimsey der samar út.