Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

Suite kalifornia

Simon, Neil

Inkijkexemplaar
TitelSuite kalifornia
Oorspronkelijke titelCALIFORNA SUITE
Artikelnummer22744
Dames (min/max)6
Heren (min/max)5
Personen11
Auteur(s)Simon, Neil
Vertaler(s)Dijkstra, Gurbe
CategorieAvondvullend
Aantal blz84
GenreFries toneel / Komedie
Duur (min.)130 Min.
UitgeverVink

SUITE KALIFORNIA (CALIFORNIA SUITE)

22744        In komeedzje fan Neil Simon, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 6 froulju, 5 mannen

Suite Kalifornia bestiet út fjouwer koarte toanielstikjes dy ‘t har ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Bevely Hills Hotel.

As earsten bin dêr Hannah en William Warren. Sy bin njoggen jier lyn útelkoar gongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne mar op besite om te praten oer de takomst fan Jenny, harren bern. Wat earst in wrang getoulûk om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit.

Marvin Michaels skrikt him de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn ‘t bêd. Hy hat ‘m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol ‘t hy in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de “gebakken peren”. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht der foar, dat it him net iens slagget om har út bêd te krijen. Marvin wringt him yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap.

Diana Nichols is in aktrise út Londen. Sy is hjir tegearre mei har man kommen om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr yn ‘t se har net op har gemak fielt, en ek hat se gjin man dy ‘t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich op har hotelkeamer werom komme, fiert Diana har woede en teloarstelling bot op har man. It liket er op dat harren houlik er oan giet. Frustraasjes dy ‘t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen.

Twa stellen dy ‘t trije wike mei elkoar op fakânsje west ha befolkje as lêsten suite 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuer oan de foet oprint, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme der út, en op ‘t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan ‘e ein fan ‘t stik lizze alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter syn kommen te wachtsjen.

Bestel dit stuk

€ 13,00

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag