Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

Bloed, swit en triennen

Slijkoord, C.J.

Inkijkexemplaar
TitelBloed, swit en triennen
Oorspronkelijke titelBloed, zweet en tranen
Artikelnummer27669
Dames (min/max)5
Heren (min/max)4
Personen9
Auteur(s)Slijkoord, C.J.
Vertaler(s)Reitsma, G.
CategorieAvondvullend
Aantal blz56
GenreFries toneel / Klucht
Duur (min.)100 Min.
UitgeverVink
BLOED, SWIT EN TRIENNEN (BLOED, ZWEET EN TRANEN) 27669 Jûnfoljende klucht yn twa bedriuwen fan C.J. Slijkoord. Fryske oersetting fan Griet, Reitsma, 5 froulju en 4 manlju Ien dekôr; it stik spilet him ôf yn ‘e húskeamer fan Pieter en Frieda Bohemius. Sy foarmje mei harren dochters Anja en Carolien en soan Lennard in gesin. Pieter wurket as ZZP-er yn ‘e bou. Troch de finansjele krisis sit hy al in skoft sûnder wurk. Alles wat hy mei bloed, swit en triennen opboud hat driget hy te ferliezen as der net gau in opdracht komt. Frieda is har tige bewust fan ’e sitewaasje dêr’t se harren yn befine, dochs is sy in stik optimistysker oer de takomst as Pieter, eat der’t Pieter him nochal oan steurt. Anja is de âldste dochter fan de famylje Bohemius. Sy is in selstannige jonge frou dy’t de holle muoiteleas boppe wetter wit te hâlden. Ymprovisaasjefermogen kin har net ûntsein wurde. Lennard is in pierewaaier dy’t him absolút gjin soargen makket. Net oer de finansjele sitewaasje thús, net oer syn eigen takomst en ek net oer de deistige gong fan saken. Carolien is amper by steat om har soargen te meitsjen. Sy is dan wol net de snoadste fan de famylje, mar hat in gouden hert. De skoanâlden fan Pieter wurkje him op ‘e senuwen. Hy kin foaral syn skoanmem net útstean. Sy en Pieter kinne mar min troch ien doar. Dan is der de mem fan Pieter. Sy hat it hert op it puntsje fan ‘e tonge en jout har miening oer tal fan sitewaasjes dy’t plakfine. Bynammen de skoanmem fan Pieter moat it belije. Dan is der ek noch it ynternetfreontsje fan Carolien dy’t nei de namme Droepi lústeret. Hy is like ûnbeskoft as dom. In kombinaasje wêrmei 't er ûnbedoeld komysk út 'e hoeke komme kin. De auteur fan dit stik wol net op ‘e saken foarút rinne. Wol kin sein wurde dat dit toanielstik soms oan it gemoed komt, mar it binne foaral de humoristyske sitewaasjes dy’t elkoar yn heech tempo opfolgje. In hiel leuk stik foar sawol de spilers as it publyk.

Bestel dit stuk

€ 13,00

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag