Bel 072 - 511 24 07

Details van dit toneelstuk

B & B mei trammelant

Bremer, Aris

Inkijkexemplaar
TitelB & B mei trammelant
Oorspronkelijke titelBed en Bonje
Artikelnummer28657
Dames (min/max)3
Heren (min/max)2
Personen5
Auteur(s)Bremer, Aris
Vertaler(s)Schilstra, B.
CategorieAvondvullend
Aantal blz76
GenreFries toneel / Komedie
Duur (min.)130 Min.
UitgeverVink

B & B MEI TRAMMELANT (BED EN BONJE) 28657 Komeedzje yn trije bedriuwen fan Aris Bremer, Fryske oersetting Betty Schilstra, 3 froulju, 2 manlju

Ut in museum is in kostber skilderij fan Frederik de Graaf stellen. In pear dagen letter is der ien fertochte, Fred de Graaf, arrestearre, mar by him waard it doek net oantroffen. De identiteit fan de twa oare ynbrekkers is by de plysje net bekend. Fyn en Herman, sechstigers, ha yn harren ienfâldige wenning in Bêd & Brochje foar “Freonen op ‘e fyts”. Fyn hat sa wat om hannen, wylst Herman him fanatyk dwaande hâldt mei it útsykjen fan de stambeam fan syn famylje. De folle jongere Claudia en Barry meitsje dy nacht graach misbrûk fan de gastfrijheid. Sy binne de oare twa dieders en tinke dat it doek op dit adres te finen is. Se twinge harren op oan it âldere echtpear De Graaf, dat gjin bern hat. De gasten binne der lykwols hast wis fan dat it de âlden fan harren kriminele maat Fred binne. Dat fermoeden wurdt noch fersterke troch wat se fan de loslippige buorfrou Tryn oer in Fred hearre. Wat sy net witte, is dat Tryn en Fyn in hobby diele, sy fersoargje mei in protte passy op ‘e souderkeamer elk in fret. It bist fan Tryn hjir Moer en it bist fan Fyn hjit ... Fred. It is wol hiel spitich, dat der noch hieltyd gjin jongen fan kaam binne. Oan hokker bistje dat leit is noch de fraach. Dêr binne de beide froulju it noch net oer iens. It kriminele stel wol beslist witte wêr ‘t it skilderij is en dus folget in nacht fol yntriges, misferstannen,flirtspartijen, gewelddieden en alkohol. Aldergeloks falle de dieders de oare moarns troch de koer, lizze de buorfroulju de rûzje by, ha de fretten jongen en rekkent Herman him ryk mei in Frederik de Graaf dy’t foar ‘t ljocht komt.

Bestel dit stuk

€ 13,00

Waarom Toneeluitgeverij Vink?

  • Keuze uit een groot aanbod
    Bestel gemakkelijk online
  • Snelle levering
    Bestellingen snel bij u bezorgd
  • Persoonlijke service
    Wij staan graag voor u klaar!

Stel uw vraag