Titel | Dokter help, ik haw se net allegearre | |
Oorspronkelijke titel | Verruckte haben's auch nicht leicht | |
Artikelnummer | 29683 | |
Dames (min/max) | 5 | |
Heren (min/max) | 5 | |
Personen | 10 | |
Auteur(s) | Spehling, B. | |
Vertaler(s) | Dijkstra, Lammert | |
Categorie | Avondvullend | |
Aantal blz | 60 | |
Genre | Fries toneel / Komedie | |
Duur (min.) | 75 Min. | |
Uitgever | Vink |
DOKTER HELP, IK HAW SE NET ALLEGEARRE (Verruckte haben's auch nicht leicht)
29683 Komeedzje yn twa bedriuwen troch Bernd Spehling, oerset troch Lammert Dijkstra yn it Frysk, 5 froulju, 5 manlju en 2 figuranten (by need dûbelrollen)
Jonas rint sa stadichoan tsjin de fyftich en is fan betinken, dat er lang genôch oan it arbeidsproses dielnaam hat. Op ‘e wurkflier lit er mei opset sin in flink tal stekken falle, om syn saneamde oerspande tastân te aksintuearjen, wêrnei’t er, fia de húsdokter, yn in klinyk telâne komt. Dêr wurdt men achte de geastlike tastân fan de pasjint op de krekte merites te hifkjen en foar Jonas is it dus saak him op dat plak sa idioat mooglik foar te dwaan. De einkonklúzje fan de klinyk moat foar him ommers wêze: arbeidsûngeskikt foar de rest fan syn libben. No, hy docht syn uterste bêst en dat seit winliken al genôch oer it hilaryske gehalte fan dit ferhaal. Oft it Jonas úteinlik slagje sil om, middenmank in twiveleftige psychologe, in lossinnich ferpleechsterke, in op seks beluste masseuze en noch in stikman-nich oare figueren, it paad nei in libben sûnder slavewurk te finen, wurdt de taskôger earst op it lêste stuit út ‘e doeken dien. Hiel aardich om te dwaan, om’t praktysk alle rollen echte “typen” binne.