Titel | Doek! Friese versie | |
Oorspronkelijke titel | Doek! | |
Artikelnummer | 29890 | |
Dames (min/max) | 1 | |
Heren (min/max) | 1 | |
Personen | 2 | |
Auteur(s) | Goos, Maria | |
Vertaler(s) | Dijkstra, Gurbe | |
Categorie | Tweeakter | |
Aantal blz | 52 | |
Genre | Fries toneel / Tragikomedie | |
Duur (min.) | 63 Min. | |
Uitgever | Vink |
DOEK! (DOEK!)
29890 Tragikomeedzje fan Maria Goos, Fryske oersetting Gurbe Dijkstra, 1 frou, 1 man
Aktrise Lies Oorthuizen en akteur Richard van Berkhoven binne tritich jier lyn tegearre ôfstudearre oan de toanielskoalle. Op de dei dat se harren diploma krigen spilen se in Albee-achtich stik. Se ha fan ôf dat momint tweintich jier yntinsyf gearwurke. Se ha noait in leafdesrelaasje hân, hoewol’t Lies altyd fereale west is op Richard en oarsom. Richard is yn de rin fan de jierren hieltyd mear oan de drank rekke en úteinlik hat Lies nei tweintich jier gearwurkjen de knoop trochhakke. Se is mei in gynekolooch troud en se hat har yn Súd Frankryk nei wenjen set. Op it momint dat DOEK! begjint wennet Lies tsien jier yn Frankryk en se hat Richard al dy tiid net sjoen.
Yn dy tsien jier is de karriêre fan Richard yn de nederklits rekke troch syn drankgebrûk. No komt se werom om Richard en de produksje dêr’t er mei dwaande is te rêden. Richard har al trije aktrises fuortjage en de produsint is syn rie tenein. Hy hat Lies út Frankryk helle omdat sy de ienige is dy’t Richard oan kin. It stik dat se repetearje is itselde stik sa dêr’t se tritich jier lyn mei ôfstudearre binne. Se binne no allebeide om de fyftich hinne. Lies hat tsien jier net spile. Se sjogge elkoar no, nei tsien jier, wer foar it earst.
It stik begjint mei repetysjesêne tusken Jojanneke, in strieminne aktrise, en Richard. Richard ergert him sa bot oan Jojanneke dat hy har bewust sa yntins misledicht dat se der mei ophâldt. Se stapt út it stik. Dan blykt dat dizze sêne, dêr’t Jojanneke yn opstapt, troch Richard oan Lies ferteld is. Dit komt yngewikkelder oer as dat it is. It komt der op del dat de aktrise yn dit stik transformearret fan Jojanneke nei Lies troch in bril ôf te setten en in pear hege hakken oan te dwaan. Se seit dan: ‘Is it echt sa gongen? Hasto tsjin Jojanneke sein dat se der neat fan kin’? Wy ha dus nei in flinke flashback sitten te sjen. Fan ôf dan repetearje Lies en Richard oan in Albee-achtich stik. We sjogge net allinne de sêne dy’t Richard mei Jojanneke repetearre weromkommen, mar dan goed spile, mar we krije ek mei wat foar relaasje Richard en Lies hiene foar’t se nei Frankryk gong, troch dat it hiele stik in fertelling is wêryn’t se ûngemurken fan it heden nei it ferline springe en dêr’t se soms ek in oaren spylje.
Alde leafde bloeit op, âlde pine wurdt wer fielber. Richard en Lies bringe elkoar oan it twiveljen oer de keuzes dy’t sy yn it leven makke ha. Lies komt opnij foar de keuze te stean oft se foar in heftich leven mei har grutte leafde kieze moat, dy’t yntusken swier oan de drank is, of foar in mear behâldend leven mei har hjoeddeistige man, Wouter.
De akteur en de aktrise yn dit stik hite Lies en Richard. Dit is in ferwizing nei Richard Burton en Elizabeth Taylor dy’t Virginia Woolf spile ha en by wa’t der ek parallellen wiene tusken it stik dat se spilen en it leven dat se dielden. Dat is ek sa mei Richard en Lies dy’t in Albee-achtich stik repetearje wêryn’t se Kate en David binne. Sawol yn it stik as yn harren privee hat drank in promininte rol spile.
We falle midden yn in repetysje, Richard spilet de rol fan David en Jojanneke, in hiel midsmjittige aktrise, de rol fan Kate.