Titel | Gebroeders Kalkoen (Friese versie) | |
Artikelnummer | 33089 | |
Dames (min/max) | 4 | |
Heren (min/max) | 5 | |
Personen | 9 | |
Auteur(s) | Nielen, G. | |
Vertaler(s) | Jorritsma, Broer | |
Bewerker(s) | Kramer, H. | |
Categorie | Avondvullend | |
Aantal blz | 80 | |
Genre | Blijspel / Fries toneel | |
Duur (min.) | 123 Min. | |
Uitgever | Vink |
GEBROEDERS
KALKOEN (GEBROEDERS KALKOEN)
33089 Blijspul yn trije bedriuwen troch Gerard
Nielen, bewurke troch Harmen Kramer yn 2020. Oerset troch Broer Jorritsma, 4
froulju en 5 hearen.
Skitterjend blijspul yn 3 bedriuwen dêr
't sawol publyk as spilers in protte wille oan belibje sille. It yn 2020
bewurke stik giet oer Jacob en Hindrik Kalkoen, 2 ferstûke frijgesellen dy 't
al jierren in winkel hawwe yn in doarp op it plattelân. Oan it ynterieur fan
harren kantoar is al tsientallen jierren neat feroare en ek yn de winkel is de
tiid stil stean bleaun. Jacob en Hindrik ferskille nochal fan karakter mar ien
ding hawwe se gemien: harren ôfkear fan froulju! As harren omkesizzer, en
beëage opfolger, Riemer, dan ek fertelt dat er trouwe wol, binne de rapen gear.
De hearen wolle ûnder gjin betingst in frou yn 'e saak. Riemer skeakelet
húsfreon Veldman yn en dizze betinkt in list. By in staking fan it
winkelpersoniel komt er mei in Froukje op 'e lappen. De hearen falle fuort as
in bakstien foar har: wat in frou! Ta grutte argewaasje fan harren gjirrige
suster Pytsje komme sawol Jacob as Hindrik yn it geheim sels mei trouplannen.
Unwittend fan dizze dingen is Froukje ûnderwilens begûn mei it modernisearjen
fan winkel en kantoar. De eigensinnige húshâldster Hinke sjocht it allegearre
mei lede eagen oan. Se ken har beide jonges hielendal net mear. Fansels folget
yn it tredde bedriuw in tige ferrassende ûntknoping!
De gebroeders Kalkoen is in masterlik
blijspul dat jo feriening perfoarst spile hawwe moat!